Ald tichelwurk Dokkum wurdt wer bedobbe

27 aug 2015 - 20:34

It âlde tichelwurk dat yn maaie oan it ljocht kaam by graafwurksumheden oan in nije feart yn Dokkum wurdt op 'e nij ûnder de grûn bedobbe. Dat hat de gemeente yn oerlis mei de provinsjale archeolooch besletten. It giet om âlde kleastermoppen út de 15-de ieu. Ut ûndersyk hat bliken dien dat dizze nei alle gedachten komme fan in âlde stienbakkerij.

De archeologyske resten, dy't no nei boppe helle binne, kinne net goed tsjin de froast en dêrom wurdt it guod no wer bedobbe.

Neffens de ûndersikers, dy't it materiaal besjoen hawwe sit it grutste part fan it histoaryske materiaal noch altyd ûnder de grûn. It wurk dat dien wurdt foar it graven fan de nije feart tusken de Dokkumer Ie en de Wâldfeart wurdt dêrom ekstra foarsichtich dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)