Bou sinnepark It Amelân yn septimber los

27 aug 2015 - 12:58

De bou fan it grutste sinnepark fan Nederlân op It Amelân set takom moanne útein. Dat hat ien fan de inisjatyfnimmers - dat is enerzjybedriuw Eneco - tongersdei bekendmakke. It park kostet 7,4 miljoen euro, begjin takom jier moat it klear wêze. Doel is dat it park 23.000 sinnepanielen krijt.

Dy komme op it terrein fan fleanfjild Ballum. De sinnepanielen hawwe in fermogen dat genôch is om alle goed 1500 húshâldens op It Amelân fan stroom te foarsjen. Njonken Eneco dogge ek de gemeente en de Amelanner Enerzjykoöperaasje oan it projekt mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)