Jur van Vegten nij gemeenteriedslid PvdA yn De Fryske Marren

27 aug 2015 - 12:26

Jur van Vegten is woansdeitejûn ynstallearre as gemeenteriedslid foar de PvdA yn De Fryske Marren. Hy folget Jeannette Wind op dy't fanwege har sûnens ophâlden is mei it riedswurk.

Foar de fúzje fan de gemeenten Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat wie Van Vegten fraksjefoarsitter fan de PvdA Gaasterlân-Sleat. Hy hat no as doel de boarger safolle mooglik te belûken by de lokale polityk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)