Mear winst yn earste healjier foar FrieslandCampina

27 aug 2015 - 09:43

Suvelbedriuw FrieslandCampina hat yn de earste seis moannen fan dit jier 85 persint mear winst makke yn fergelyk mei it earste healjier fan 2014. De winst kaam út op 192 miljoen euro, tsjinoer 104 miljoen yn 2014. Dat komt foaral troch legere ynkeapkosten en in legere garânsjepriis foar molke.

De netto-omset bleau mei goed 5,6 miljard euro op sawat itselde nivo as ferline jier. Topman Roelof Joosten praat fan in goed resultaat, seker yn dizze ûnwisse merk. FrieslandCampina helle de groei benammen yn lannen as Sina en Yndonezië.

Oant 2020 wol it bedriuw foaral mear omsette yn it berne-iten.

Trefwurden: 
FrieslandCampina winst suvel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)