Steegstra en Diks aktyf op WK-17 yn Sily

27 aug 2015 - 09:33

Hessel Steegstra fan Snits en Mario Diks út Ljouwert binne yn oktober en novimber aktyf op it WK fuotbal ûnder 17 jier. It Fryske duo sil skiedsrjochter Danny Makkelie assisteare op it eintoernoai yn Sily. Makkelie is troch de FIFA oansteld as ien fan de tweintich skiedsrjochters. It trio makke ferline jier harren debút yn de Champions League en wie yn juny ek aktyf op it Europeesk kampioenskip ûnder 21. Oranje -17 wist him net te kwalifisearjen foar it eintoernoai, wêryn 24 lannen stride op de wrâldtitel.

Trefwurden: 
fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)