Harkemase Boys út it KNVB bekertoernoai

27 aug 2015 - 00:37

Harkemase Boys is der net yn slagge de twadde ronde fan de lanlike beker te heljen. Nei in hast bizarre wedstriid ferlearen de Boys mei 3-1 fan topklasser De Treffers. De ploech út Groesbeek kaam fia Rick Verbeek fertsjinne op 0-1. Fiif minuten foar it skoft lei it spul tweintich minuten stil troch in blessuere fan De Treffers-spiler Robin Janssen. Tsien minuten nei rêst makke Jesse Renken de lykmakker. Dêrnei foel der lykwols safolle rein en tongere it sa hurd, dat de wedstriid stillein waard. Nei de bui makke De Treffers dien wurk.

Ut in strafskop waard it troch Verbeek 1-2. Yn blessueretiid brocht Maertzdorf de einstân op 1-3.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)