FNV tsjinnet skeaclaim yn by provinsje foar boufakkers

26 aug 2015 - 18:44

It FNV sil in skeaclaim yntsjinje by de provinsje Fryslân. Mei it jild wol it fakbûn Hongaarske boufakkers kompensearje dy't earder dit jier swier ûnderbetelle wurk útfierden oan it nije akwadukt yn de Ljouwerter Drachtsterwei. De provinsje is de opdrachtjouwer fan dit miljoene-wurk.

De boufakkers wurken foar it Brabânske útstjoerbedriuw AOK dat him net oan de cao-regels hâlde. De kantonrjochter hat woansdei besletten dat it bedriuw achterstallich lean betelje moat. Om't AOK sa goed as fallyt is, rjochtet it fakbûn him op opdrachtjouwers.

Hoefolle jild it FNV fan de provinsje Fryslân freget is noch net bekend. Neffens deputearre Sietske Poepjes leit de sitewaasje oars en moat it fakbûn in skeaclaim earst nei de direkte útfierder stjoere. Yn dit gefal is dat bouwer Heijmans. Mocht ek dêr gjin jild mear sitte, dan kin by de oerheid oankloppe wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)