Dupearren Ziggo krije gjin finansjele fergoeding

26 aug 2015 - 17:23

De kliïnten fan Ziggo dy't ferline wike lêst hinene fan in steuring, krije gjin finansjele fergoeding. It bedriuw fynt dat net nedich. In soad abonnees fan Ziggo hienen troch in DDoS-oanfal amper of gjin ynternet.

In dei letter wie de ynternetprovider wer slachtoffer fan hackers. Fan de 3,2 miljoen ynternetkliïnten fan Ziggo hie doe 60 prosint lêst fan de DDoS-oanfal. De steuring wie ek yn it 'âlde' Ziggogebiet, foar de fúzje mei UPC.

Trefwurden: 
Ziggo steuring fergoeding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)