Strafsaak dongsilo Makkingea dochs yn Almelo

26 aug 2015 - 14:58

De strafsaak oer it deadlik ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea wurdt dochs by de rjochtbank yn Almelo hâlden. Dat hat advokaat Tjalling van der Goot te hearren krigen fan de offisier fan justysje.

Van der Goot hat in pear wiken lyn frege om de saak by de rjochtbank yn Ljouwert te behanneljen, omdat syn kliïnt - dat is de eigener fan Heeres Mix & Pomptechnyk yn Abbegea - graach Frysk prate wol by de rjochter. De offisier fan justysje seit dat alle swierdere ekonomyske strafsaken behannele wurde moatte foar de mearfâldige keamer yn Almelo.

Tjalling van der Goot is lilk oer it beslút fan it Iepenbier Ministearje. Hy fynt dat it rjocht op it brûken fan it Frysk sa útholle wurdt. Dat is yn striid mei in soarchfâldich proses, seit de advokaat. De advokaat sil besykje dat de rjochtsaak dochs yn Ljouwert behannele wurdt. By it ûngelok mei de dongsilo yn Makkinga kamen trije minsken om it libben.

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi wil hjir keamerfragen oer stelle. Jacobi fynt dat rjochtspraak 'ticht by de minsken' plakfine moat. Fryske saken moatte gewoan yn Fryslân behannele wurde, seit it PvdA-keamerlid. Minsken dy't Frysk prate wolle op de rjochtbank, moatte dat gewoan dwaan, ek al wurdt de saak bûten Fryslân behannele. Friezen hawwe it rjocht om op de rjochtbank Frysk te praten. As dit lestich is foar de rjochtbank, is it oan de rjochtbank om te regeljen dat dit dochs mooglik is. Dat kin troch bygelyks in tolk yn te hieren of troch de saak de ferpleatsen nei de rjochtbank fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)