Dyk fan Easterwâlde nei Drinte dit wykein ticht

26 aug 2015 - 13:45

De provinsjale dyk N381 tusken Easterwâlde en de oansluting mei de Drintske grins is dit wykein ticht. It duorret fan freed 18.00 oere oant moandei 06.00 oere. Oannimmer Heijmans sil in tunnel yn eleminten pleatse by Oude Willem by Appelskea. Dizze tunnel is foaral bedoeld foar hynders en weinen en fytsers en net tagonklik foar auto's.

By Appelskea sil it wykein ek noch in nije asfaltlaach oanbrocht wurde. De tunnel wurdt yn oktober yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)