Spesjaal pjutteboartersplak op azc yn Drachten

26 aug 2015 - 13:37

It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers ropt Fryske gemeenten op om mei opfangplakken te kommen. Troch de tanimmende stream flechtlingen is der grut ferlet fan needopfang en gewoane opfang.

Dat die woansdei bliken by de iepening fan in spesjaal pjutteboartersplak op it azc yn Drachten. Dêr leare de bern op in boartlike wize taal- en oare feardichheden. It Mezennest wurdt rund troch in profesjonele berne-opfangorganisaasje. It moat de yntegraasje befoarderje en de tarieding fan allochtoane bern op in Nederlânske skoalle makliker meitsje.

Neffens it COA sille der mear fan sokke boartersplakken iepene wurde, no't der hieltyd mear asylsikers komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)