Hierlak en gel foarkomt luzen

26 aug 2015 - 13:02

Om foar te kommen dat je luzen krije, kin je better je hier net al te skjin hâlde. It RIVM is in healjier lyn begûn mei de nasjonale luzeregistraasje. Dêrút docht ûnder oare bliken dat bern dy't gel of hierlak brûke, folle minder faak luzen hawwe, as bern mei skjin hier.

Ek docht bliken dat luzen hast like faak foarkomme op middelbere skoallen, as op basisskoallen. Toch wurdt der op de middelbere skoalle hast gjin omtinken oan jûn.

Akke Hofstee is koördinator fan de luzeprevinsje yn Fryslân. Neffens har is it op middelbere skoallen wat dreger om kontrôles te organisearjen. It advys is om jesels goed te kontrolearjen. Je kinne der ôfkomme troch twa wiken lang eltse dei goed je hier te kammen mei in fine kaam. Sjampo's binne net mear fan dizze tiid.

Trefwurden: 
RIVM luzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)