FIDEO: Freonskipsbân wurdt fierd mei foarstelling

26 aug 2015 - 09:58

Smellingerlân fiert dit jier de 20-jierrige freonskipsbân mei de Afrikaanske gemeente Gobabis yn Namibië. En dat bart op spesjale wize. Fjouwer jongeren út Gobabis spylje yn Drachten mei fjouwer Fryske studinten in foarstelling oer foaroardielen. Tiisdei wie de premjêre fan "Kleurryk" op ROC Friese Poort yn Drachten. De jongeren trede dizze wike acht kear op foar skoallen en oare belangstellenden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)