Lobby foar selsstannige Omrop mislearre, seit D66 Fryslân

25 aug 2015 - 20:09

D66 yn de Fryske steaten is skrokken fan de gefolgen dy't de nije mediawet hat foar Omrop Fryslân en de Fryske taal. De Fryske taal wurdt net neamd yn it foarstel dat tiisdei nei de Twadde Keamer tastjoerd is troch steatssekretaris Sander Dekker, sa konstatearret steatelid Margreet Mulder.

Sy fynt dat de lobby foar de ûnôfhinklike posysje fan de Omrop yn ferbân mei de Fryske taal dúdlik mislearre is. Mulder wol fan deputearre steaten witte hoe't dat kin en wat sy fine fan de plannen fan de steatssekretaris.

Fansels wol de partij ek witte hoe't de provinsje dochs de posysje fan it Frysk garandearje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)