NLP giet fierder as Gemeentebelangen Leeuwarden

25 aug 2015 - 19:05

De Nieuwe Leeuwarder Partij giet fierder as Gemeentebelangen Leeuwarden. De nije namme is tiisdei presentearre mei in nije webside en logo. De nammeferoaring hat alles te krijen mei de útwreiding fan de gemeente Ljouwert. Yn 2014 kaam der in part fan de gemeente Boarnsterhim by en yn 2018 komme Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel derby.

De nije namme moat dúdlik meitsje dat de partij der is foar de doarpen, de stêd en it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)