SC Cambuur hiert Wessel Dammers fan Feyenoord

25 aug 2015 - 17:56

De 20-jierrige Wessel Dammers sil de rest fan it seizoen útkomme foar SC Cambuur. De Ljouwerter klup hiert de sintrale ferdigener fan Feyenoord. Jeugdinternational Dammers makke foarich seizoen syn debút foar Feyenoord yn de Europeeske wedstryd tsjin Standard Luik.

Wessel Dammers hopet dat hy in soad spylminuten meitsje sil by Cambuur om better te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)