Starum krijt replika fan blokhûs út 16e ieu

25 aug 2015 - 15:46

Starum krijt in replika fan it blokhûs dat yn de 16e ieu yn it sintrum fan de stêd stie. Alteast as it oan de gemeente Súdwest-Fryslân leit. Dy hat tiisdei de definitive plannen presintearre. Der wurdt al sa'n 20 jier praat oer de ynfolling fan it havenkertier. Neidat de gemeente ferline jier mei de plannen nei bûten kaam, folge in soad ferset.

It keunstwurk fan 80 by 80 kante meter soe te pompeus wêze. Mei tsien ynfojûnen is besocht om safolle mooglik tsjinstanners te oertsjûgjen.

Der is in hege toer folle lytser makke en de poarte wurdt trochsichtich. De gemeente set no troch, want oars ferlieze se subsydzjes út it Fryske Marreprojekt. Der binne hast gjin beswieren mear troch alle oanpassings yn it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)