Jonge ferwûne by oanriding yn Hurdegaryp

25 aug 2015 - 10:49

In jonge is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. It automobilist skepte it slachtoffer doe't er rinnendewei de dyk oerstuts. De jonge is mei de ambulânse nei it MCL yn Ljouwert brocht. De automobilist rekke net ferwûne.

De Ryksstrjitwei hat in skoft ôfsletten west yn ferbân mei it plysje-ûndersyk.

Trefwurden: 
oanriding Hurdegaryp ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)