Kollum: "Sehnsucht"

25 aug 2015 - 08:30

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Sehnsucht is in prachtich wurd. Goeiemoarn, trouwens, hartstikke moai dat jim der wer binne, der klear foar sitte oan de keukenstafel, yn de auto of op it bouplak mei de hammer yn de hân.

Sehnsucht betsjut in langjen of snakken nei. Dat is wat ik sa’n bytsje fiel no’t de fakânsje foarby is. Weemoed, dat mei ek, mar dat skrynt krekt wat minder. No is it wol sa dat Sehnsucht him allinne opponearret nei in mòaie fakânsje. As de auto mei in seis meter lange Adria caravan der midden yn de Gotthard tunnel mei ophâld, is der letter gjin sprake fan Sehnsucht. Likemin as nei dy troch turbulinsje pleage needlanning op Korfu, wêrby’t it fleantúch neierhân stonk as hiene alle boeren út Boer zoekt vrouw tagelyk oan it jarjen west. Of nei dy kear dat men tsien dagen yn in kleankast omhúsmanne hat, mei útsicht op in bline muorre en dêr’t kakkerlakken alle dagen in feestje fierden yn de wasktafel, wylst it reisburo it oer in fjouwerstjerre hotel en in romme keamer mei in balkon en útsicht op see hân hie.

Fan beiden, dat kin ek. Dat in fakânsje min út ein set, mar toch noch goed beteart en foar Sehnsucht soarget. Ut eigen ûnderfining ha wy dat jierren lyn in kear yn Frankryk meimakke. De boerekemping dy’t wy fia it ynternet útsocht hiene, seach der prachtich út. Teminsten, op dy iene foto fan de pleats dy’t beskikber wie. De tekst hie it oer allegear plakken yn de frije natuer, in swimbad op it hiem, gelegenheid om kampfjoerkes te stoken, in heasouder foar de bern om op te boartsjen en in terras foar de âldelju om op te borreljen. Doe’t wy teplak wiene waarden wy yn de keuken/resepsje ûntfongen troch in kolonne miggen. Dat kommunisearre beroerd, en dus rûnen wy earst in slach oer it hiem. It earste dat wy seagen wie it swimbad. Type grut formaat Blokker mei twa trepkjes om deryn te klimmen. Der wiene gjin minsken by, en doe’t wy oer de râne seagen wisten wy wêrom net. Kreas neist inoar, as wie it syngroan-swimmen, dreaune trije deade rotten. En oan de bolle búkjes te sjen ek net sûnt juster. It kempingterrein sels wie moai, hoewol’t it wat fan in slachfjild hie mei syn kûlen en bulten. Der wie ek in priveebosk mei in fiskfiver. Allinne spitich dat de oerloop fan it gat yn de grûn dêr’t de wc’s yn útrûnen, yn dy fiver útkaam. De kâns dat de bern in drol ynstee fan in fisk fongen, wie behoarlik grut.

Moat ik it noch oer de stroomkabels ha dy’t as grutte slangen los oer de grûn leine? Oer de pony en de ezel dy’t by dei en by nacht frij oer it terrein dwaalden en ek wol ris in boadskip foar de yngong fan de tint achter lieten? Och, en by jûntiid wie it al sa pittoresk. Elkenien stookte syn eigen kampfjurke, dat de reekûntwikkeling wie like grut as dy op in gemiddelde âldjiersjûn om tolve oere. Mar hoewol’t wy mar twa dagen bliuwe soene, draaide it úteinlik op mear as fjirtjin dagen út. Alles koe en mocht dêr. Totale frijheid wie it biedwurd. De bern hiene it alderferskuorrendst nei it sin, en wy nei in pear dagen ek. Dat de Sehnsucht wie grut, doe’t wy letter thús wiene.

Krekt as no, no’t wy yn Denemarken west ha. Prachtich lân, prachtich waar troffen en hartstikke moaie dingen sjoen. Wat wol men noch mear? No, ien ding: gruttere kessens. Of de Denen ha lytse holtsjes, of wy ha fan dy ûnbidich grutte koppen; mar de kessens wiene stomwei te lyts. De frou en ik hiene der elkmis twa. Ien wie like grut as in postsegel en hie likefolle folume; de oare wie in slach grutter, mar ek dy siigde yninoar as in lege ballon as men de holle derop lei.

Mar nettsjinsteande sit jim tsjinner no mei in hûd fol Sehnsucht. Dat, stipebetsjûgings en opmonterjende kaartsjes kinne nei willemschoorstra@gmail.com Of gewoan in tomke op Facebook, fansels.
Oant takom wike!"

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)