Fryske tsjerken wolle nije flechtlingen helpe

24 aug 2015 - 21:34

Fryske tsjerken riede harren ta op de komst fan ekstra flechtlingen. De kranten steane der fol fan en op telefyzje binne sawat eltse dei wer nije bylden te sjen fan flechtlingen dy't Europa besykje te berikken. Dêrom organisearret Solidair Fryslân op 24 septimber yn Ljouwert in gearkomste foar tsjerken om te praten oer de opfang fan flechtlingen.

It is bedoeld foar alle tsjerken en oare religieuze organisaasjes. Ek Kleurrijk Fryslân is derby belutsen.

Tusken 2000 en 2007 hawwe dizze organisaasjes ek al dwaande west om flechtlingen te helpen. Hjirby falt te tinken oan jurydyske en maatskiplike stipe en help mei de taal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)