Friezen sjogge minder heil yn buertbemiddeling

24 aug 2015 - 19:00

Minder Friezen hawwe it ôfrûne jier gebrûk makke fan buertbemiddeling tsjin oerlêst troch buorlju. Dat docht bliken út sifers fan it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid (CCV). Fryslân giet dêrmei yn tsjin it lanlike byld. Neffens koördinator buertbemiddeling Fryslân Asha Kalloe komt dat, omdat yn Fryslân in protte gebrûk makke wurdt fan sosjale wykteams.

Klachten dy't faak foarkomme binne lûdsoerlêst troch muzyk, húsdieren dy't op it hiem skite en oerhingjende tûken yn de tún.

Buertbemiddelers helpe mei om sokke problemen op te lossen sûnder tuskenkomst fan de plysje.

Opfallend oan de sifers fan it CCV is dat oer hiel Nederlân rekkene hieltyd mear minsken de problemen sels melde by de buertbemiddeling. Yn 2014 lei it tal selsmelders op 45 prosint. Yn Fryslân is dat in stik leger. Fan de tachtich meldings komme hjir mar seis út in saneamde 'selsmelding'.

Yn 2013 wiene der 133 meldings yn Fryslân by de buertbemiddeling. Fierwei de measte klachten kamen út Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)