D66 wol dúdlikens fan provinsje oer Ofslútdykplannen

24 aug 2015 - 17:34

De D66-steatefraksje wol dúdlikens oer it ferrin fan de oanpak fan de Ofslútdyk. Der bart op it stuit safolle dat de partij tinkt dat it provinsjebestjoer it oersjoch wolris ferlieze kin.

De partij wol witte oft it provinsjebestjoer noch kânsen sjocht foar sinnepanielen by de Ofslútdyk, no't dat plan ûnder druk stiet. It breder meitsjen fan de slûs by Koarnwertersân soe ek faai stean, om't Europa gjin subsydzje jout. Fierders soe der noch net genôch bewiis wêze foar it belang fan in fiskmigraasjerivier.

D66 freget deputearre steaten om mei in oersjoch te kommen mei alle ûntwikkelings fan de lêste tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)