Kustwacht nimt pasjinteferfier fan eilannen foarearst oer

24 aug 2015 - 16:56

Helikopters fan de Kustwacht nimme foarearst it pasjinteferfier fan de Waadeilannen ôf oer. Oant no ta waard dat dien troch swiere helys fan definsje, mar dy soargje foar leven en oerlêst. It wie ek in tydlike oplossing, omdat definsje begjin dit jier ophâlden is mei pasjinteferfier.

De Regionale Ambulance Voorziening Fryslân hat de organisaasje oernaam. Mar dy hat sels gjin helys en moast dy ynhiere. De oanbestegingsproseduere rûn út op in juridysk konflikt dat noch net útiten is.

Mei de oanbelangjende partijen is no ôfpraat dat de Kustwacht de eigen helikopters ynset foar it pasjinteferfier. It giet om in tydlike regeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)