Trijetal oppakt foar oplichterij sakefrou Bodewes

24 aug 2015 - 15:56

In 29-jierrige man fan It Hearrenfean, in 57-jierrige man út Weststellingwerf en in 64-jierrige man út Assen wurde fertocht fan oplichterij fan seishûnderttûzen euro. Justysje fertinkt it trijetal it jild fan Thecla Bodewes, dy't yn 2011 útroppen is ta sakefrou fan it jier, ôfpakt te hawwen.

Frou Bodewes woe jild liene fan it trijetal foar de oankeap fan in skipswerf yn Harns, om't se dêrfoar gjin liening fan de bank krije koe. Se betelle de rente fan hast seis ton, mar hat de liening nea krigen.

Justysje sit yn de lêste faze fan it ûndersyk nei de saak. Ynkoarten wurdt dúdlik oft de trije fertochten harren foar de rjochter ferantwurdzje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)