Tytsjerksteradiel yn de race foar Sportgemeente fan it Jier

24 aug 2015 - 15:22

De gemeente Tytsjerksteradiel is ien fan de gemeenten dy't meidocht oan de ferkiezing 'sportgemeente fan it jier'. De Vereniging Sport en Gemeenten, sportkoepel NOC*NSF en de Vereniging Nederlandse Gemeenten organisearje dy wedstryd.

De sechstjin kânshawwers moatte in fragelist ynfolje en oanjaan wat it ôfrûne jier it bêste plan foar sport west hat yn harren gemeente. Op basis hjirfan wurde trije finalisten keazen. Dy wurde begjin septimber bekend makke en trije wiken letter kiest de sjuery in definitive winner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)