Bûtenfjild floreart mei partikulier natuerbehear

24 aug 2015 - 14:21

It partikulier natuerbehear yn it Bûtenfjild by Feanwâlden liket goed út te pakken. Lytse sjong- en reidfûgeltsjes dogge it goed. It tal seldsume planten bliuwt wat achter, mar dat komt ek trochdat it lân sa'n 80 jier agrarysk brûkt is. Greidefûgels hawwe der ek folop west, al binne in soad nêsten leechfretten, lykas yn oare parten fan Fryslân,

Tusken 2009 en 2011 is der 3 miljoen euro oan mienskipsjild útjûn om fan boerelân natuer te meitsjen. Oars as oars wurdt dy natuer net beheard troch in natuerorganisaasje, mar troch de eigeners sels.

Mei 73 bunder is Romke Kinderman de grutste natuerboer. Him falt foaral op hoefolle minsken no al kuierjend of yn it boatsje fan it gebiet genietsje. Dat is wat him oanbelanget it grutste súkses fan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)