Sprekkoaren nei stadionferbod Cambuur-supporters

24 aug 2015 - 12:38

By SC Cambuur hawwe sneon sprekkoaren west neidat de klup meardere minsken in stadionferbod jûn hie fanwege 'ûnakseptabele saken' yn de thúswedstryd tsjin Feyenoord. De sprekkoaren wienen rjochte tsjin de feiligenskoördinator fan de Ljouwerter klup. De misledigingen waarden sneon skandearre yn de thúswedstriid fan Cambuur tsjin Heracles.

It bestjoer fan Cambuur lit witte dat de sprekkoaren "volstrekt ontoelaatbaar" binne. De klup is teloarsteld en kwetst, sa stiet op de webside.

Sjoch hjir foar it statement it bestjoer fan SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)