Trije Poalen oanhâlden foar fytsestellerij yn Hylpen

24 aug 2015 - 11:06

Twa manlju fan 21 en 34 jier út Poalen en in Poalske frou fan 22 binne sneintemiddei yn Hylpen oppakt foar fytsestellerij. De plysje seach in groep minsken op in parkearplak oan de Suderseewei mei in auto en in bestelbus stean. Doe't de plyske deroan kaam, naaiden ferskate minsken rinnendewei út.

Yn de bus fûn de plysje ferskate fytsen dy't nei alle gedachten stellen wiene. De trije minsken dy't noch wol op it parkearplak wiene, binne doe oppakt. De oare minsken binne net mear fûn.

Trefwurden: 
Hylpen Poalen fytsestellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)