Hop-over foar flearmûzen oan de nije N381

24 aug 2015 - 07:57

Oan de N381 by Wynjewâld wurdt moandei oan de Heechfeanswei in sân meter hege hop-over pleatst as 'oerfleanplak' foar flearmuzen. Dat is nedich fanwege de oanlis fan de nije autodyk tusken Drachten en de grins mei Drinte. Sûnder maatregels komt de flearmûzekoloanje yn de problemen, om't de ôfstân tusken de beamsingels oan de iene kant fan de dyk en de oare kant fan de nije dyk te grut is.

Dus moast der in oplossing komme. As tuskenstop foar de flearmuzen om fan a nei b te fleanen is no de hop-over betocht.

Trefwurden: 
N381 flearmûs hop-over
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)