Grand Hotel Post Plaza yn Ljouwert wreidet flink út

24 aug 2015 - 07:51

It tal keamers fan grand hotel Post Plaza yn Ljouwert wurdt ferdûbele troch it eardere kongressintrum en postkantoar by it hotel te lûken. Ek komt der in grand café yn it nije diel. Post Plaza hat no 40 keamers. Dat wurde der 82.

It hotel is no hast alle wiken folboekt. Mei it each op Kulturele Haadstêd 2018 en it ferwachte oantal toeristen, is keazen om no te ferbouwen. As it wurk yn novimber klear is, feroaret ek de namme: 'Grand' ferdwynt út de titel, it wurdt dan Hotel Post Plaza.

Der wurdt fanwege de útwreiding ek noch ekstra personiel socht.

Trefwurden: 
hotel Post Plaza
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)