Jonges rêde skiep út sleat by Drachten

24 aug 2015 - 07:08

Twa jonges hawwe sneintejûn oan de Curieleane yn Drachten in skiep rêden. It bist wie yn de sleat bedarre. De jonges hienen de brânwacht belle, mar sprongen úteinlik dochs sels yn de sleat foar in rêdingsaksje.

Mei syn beiden hawwe se it skiep wer op it droege krigen. Nei harren rêdingsaksje binne de twa nei hûs gong foar in waarme dûs.

Trefwurden: 
Drachten sleat skiep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)