Snitser mishannelet eks mei in mes yn har hûs

24 aug 2015 - 06:05

In 23-jierrige man út Snits is sneintejûn oppakt om't er syn eks mei in mes bedrige en mishannele hat. De frou rekke ferwûne. In ambulânse kaam nei har hûs ta, dêr't se oan har ferwûnings behannele wurde koe.

De Snitser is nei syn die oppakt. De frou hat oanjefte tsjin him dien.

Trefwurden: 
Snits mishanneling mes eks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)