Teade de Jong op koers foar NK wynsurven

23 aug 2015 - 18:14

Wynsurfer Teade de Jong fan Ferwert makket in goeie kâns om Nederlânsk kampioen wynsurven te wurden. By de races yn Starum fan dit wykein hie er goeie races, wêrtroch er boppe-oan yn it klassemint stiet, flak foar titelferdigener Dennis Littel fan Rotterdam. Littel is de kampioen fan de lêste tsien jier.

It wiene snein ideale omstandichheden yn Starum by de ien nei lêste wedstriid fan it seizoen om it NK. Njonken it wynsurven is der ek yn oare klassen surft, lykas de formula klasse, ek wol it racen neamd, en de slalom klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)