Skuorrebrân Easthim frij gau ûnder kontrôle

23 aug 2015 - 15:50

Der is sneintemiddei brân útbrutsen yn Easthim oan de Skatting. Dêr stiet in grutte skuorre by in pleats yn brân, fol agrarysk materiaal, wêrûnder ferskate weinen. De brânwacht hat de brân opskaald nei grutte brân omdat it op dat plak dreech is om oan foldwaande wetter te kommen.

Tsjin fjouwer oere hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. Yn de skuorre lei iepenhurdhout opslein yn kratten. Ek lei der hea. De brânwacht koe foarkomme dat it hea ek yn brân fleach.

Trefwurden: 
brân Easthim skuorrebrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)