Man út Snits oanholden foar drugsbesit

23 aug 2015 - 09:40

In man fan 29 jier út Snits is sneontenacht oanholden foar drugsbesit. In bewenner fan de Napjusstrjitte hearde slyplûden en fertroude it net. Hy warskôge de plysje. Dy trof de fertochte oan achter in wenning yn de Napjusstrjitte. Hy hie krekt in fytsslot trochflekst. Oan de fyts hong in tas mei dêryn twa liter GHB. Der stie noch in oare fyts, dy't net op slot stie.

De man waard oppakt. Hy hie ek noch twa pûdsjes softdrugs by him. De fytsen en de drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)