Blamaazje Cambuur yn eigen stadion tsjin Heracles

22 aug 2015 - 22:42

Sportklup Cambuur is sneontejûn yn it eigen stadion fernedere troch Heracles. It waard 6-1 foar de ploech út Almelo. Oussama Tannane makke yn de earste helte fjouwer doelpunten foar de gasten. Nei it skoft makke spits Wout Weghorst 0-5, wêrnei't Bartholomew Ogbeche de earetreffer foar Cambuur makke. Dêrnei skoarde Thomas Bruns de lêste goal foar Heracles.

Foar Cambuur is it ferlies in negatyf earedivyzjerekôr by in thúswedstriid. Dat stie foar jûn op in 5-1 ferlies tsjin Feyenoord op 17 maart 1999.

Martijn van der Laan en Djavan Anderson stiene by Cambuur yn de basis. Beide spilers kamen earder dizze wike oer fan respektyflik FC Grins en AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)