Remize tusken SC Hearrenfean en PSV yn it Abe Lenstrastadion

22 aug 2015 - 21:58

Sportklup Hearrenfean en PSV hawwe sneontejûn de punten dield yn it Abe Lenstrastadion. De wedstriid einige yn 1-1. Beide goals foelen yn de twadde helte. Caner Cavlan sette de thúsklup yn de 55e minút op foarsprong troch in strafskop. Luuk de Jong brocht lânskampioen PSV yn de 66e minút wer njonken Hearrenfean.

Sportklup Hearrenfean en PSV binne beide troch it lykspul noch sûnder ferlies. Beide ploegen ha no ien kear wûn en twa kear lykspile en steane yn de subtop.

Spits Mitchell te Vrede foel yn de begjin fan de wedstriid út troch pine oan syn ljisk. Henk Veerman wie syn ferfanger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)