De Meldij set útein as 'keunstsinnige koöperaasje'

22 aug 2015 - 17:42

Drachten hat wer in Meldij. It âlde subsidiearre sintrum foar de keunsten hâldt 1 septimber op te bestean. Dêrfoar yn it plak komt no de nije Köoperaasje keunstsinnige foarming De Meldij. De nije Meldij sit yn De Lawei en hie sneon de earste iepen dei. Lykas yn it ferline kinne learlingen dêr terjochte foar muzykles en lessen byldzjende foarming.

De nije koöperative foarm fan De Meldij hâldt yn dat dosinten as ZZP'er oan de slach geane ûnder de paraplu fan de nije organisaasje. De kommende moannen moat blike oft dit finansjeel helber is.

Fan de 55 dosinten fan de âlde Meldij dogge foarearst sa'n 22 oan de nije opset mei. Nije learlingen wurde sneon trakteard op demonstraasjes fan learlingen dy't al fier foardere binne. Ek is der de mooglikheid om ynstruminten út te besykjen.

Trefwurden: 
muzykles koöperaasje Meldij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)