Klaske Nauta nasjonaal fierljepkampioene mei in pr yn Vlist

22 aug 2015 - 17:10

Klaske Nauta fan Drylts waard sneon nasjonaal kampioen fierljeppen yn Vlist. Nauta sprong yn har lêste finalesprong 16.31. Dêrmei gie se Hiske Galama (15.97) foarby. Nauta is foar it earst Nederlânsk kampioen.

Alle oare titels giene nei Hollânske ljeppers. Jaco de Groot wûn by de senioaren yn 20.25. Erwin Timmerarends wûn by de junioaren yn 19.79, Gerwin Kastelein wûn by de jonges yn 17 meter 17. By de senioaren waard Thewis Hobma twadde en Bart Helmholt tredde. Ek yn de oare kategoaryen giene twadde en tredde plakken nei Fryske ljeppers.

By de junioaren waard Bobby Zwaagman twadde en Sytse Bokma tredde. By de jonges wie it sulver foar Jarich Wijnstra en it brûns foar Wietse Nauta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)