Cornelis Terpstra tinkt oer comeback

22 aug 2015 - 15:04

Keatser Cornelis Terpstra wol it kommende seizoen weromkomme as haadklassekeatser. As de lisinsje rûnkomt is Terpstra it nije seizoen wer op de keatsfjilden te finen. Dat seit keatstrainer en freon fan Terpstra, Jan Hospes. Cornelis Terpstra hat dit jier mar in pear wedstriden keatst. Fanwege in skeel tusken de keatser en keatsbûn KNKB oer de keatswanten koe Terpstra net fierder.

Terpstra syn doel is om takom jier definityf as keatser ôfskie te nimmen op de PC yn Frjentsjer.

Terpstra wol it kommende seizoen opnij in partoer foarmje mei Tjisse Steenstra en Herman Sprik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)