Usherpasjinten rinne Wylde Tulpetocht by Ternaard

22 aug 2015 - 11:59

Te min minsken kenne it Ushersyndroom. Om dêr feroaring yn te bringen, dogge sneon sân Usherpasjinten mei oan de Wylde Tulpetocht by Ternaard. Dat is in prestaasje, want minsken mei it syndroom fan Usher binne dôf en blyn of hast dôf en blyn. It giet om in erflike oandwaning, dy't net ferholpen wurde kin.

It proses kin wol stilset wurde, mar dan moat der folle mear ûndersyk dien wurde en dat is djoer. Dêr moat jild foar komme. Dat is dreech, want der binne yn Nederlân mar 800 minsken mei it syndroom.

De sân kuierders mei it syndroom helje sneon jild op en hoopje dat de oandwaning troch har aksje mear yn de belangstelling komt te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)