Ferkeap residinsje De Wielen Langwar útein set

22 aug 2015 - 10:58

Der is lang om let in begjin makke mei de ferkeap fan residinsje De Wielen yn Langwar. It giet om de nijbou fan sechtjin apparteminten op 'e lokaasje fan it âlde suvelfabryk oan de Stevenshoek. Neffens ûntwikkeler Cor van Doorn duorre it lang foardat it plan der trochkaam by de gemeente. In grut part fan de ynwenners koe it net iens wurde oer de foarm fan de nijbou. Dat is no klear neffens Van Doorn.

It plan is lytser wurden. Der is noch wol beswier fan de aksjegroep 'Hart voor Langweer'. Sy fine de nijbouplannen te heech en net passend.

Van Doorn hopet takom jier nei de simmer mei de bou begjinne te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)