Grutte sykaksje nei drinkeling yn Ysbrechtum: nimmen fûn

22 aug 2015 - 09:37

De brânwacht waard sneontemoarn alarmearre foar in mooglike drinkeling yn Ysbrechtum. De melder seach by it wetter in scooter stean, mar de eigener wie spoarleas. De brânwacht hat in sykaksje yn en om it wetter hâlden, om't de scooterrider mooglik yn it wetter lei. Der is nimmen fûn.

De plysje siket no út fan wa't de scooter is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)