Cambuur wol ferdigener Fischer fan Excelsior oernimme

22 aug 2015 - 08:06

SC Cambuur besiket Sander Fischer, de oanfierder fan Excelsior, binnen te heljen. De Ljouwerters hawwe in bod útbrocht op de 26-jierrige ferdigener, mar de Rotterdamske klup hat dat net aksepteard. Fischer sels wol graach de oerstap nei Cambuur meitsje, sei er freedtejûn nei de wedstriid fan Excelsior tsjin FC Grins.

De ferdigener hat yn Rotterdam noch in kontrakt fan ien jier. Hy spile it ôfrûne seizoen alle 34 kompetysjewedstriden foar Excelsior en waard troch de supporters útroppen ta spiler fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)