Bou Clemenstsjerke It Amelân wurdt pear wike opskood

21 aug 2015 - 22:00

It wer opbouwen fan de Clemenstsjerke op It Amelân wurdt in pear wiken opskood. It Bisdom Grins-Ljouwert hat mear tiid nedich om it nijbouplan goed te karren. Njonken de bou fan de oarspronklike tsjerke, sil oannimmer Friso Bouwgroep ek moderne oanpassings realisearje, lykas it oanbringen fan flierferwaarming.

De kosten fan dy oanpassings sille troch de tsjerkemienskip op It Amelân sels opbrocht wurde moatte. De Clemenstsjerke baarnde op 5 febrewaris 2013 hielendal ôf.

Mei-inoar kostet de nijbou fan de tsjerke sa'n trije miljoen euro. Friso Bouwgroep kin nei de goedkeuring fan it Bisdom fuortendaliks begjinne. De nije Clemenstsjerke sil septimber 2017 hielendal klear wêze, is de ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)