Aksje tsjin opstapplakken learlingeferfier De Fryske Marren

21 aug 2015 - 12:51

De gemeente De Fryske Marren hat net troch hoe grut as de ympakt is fan de besuniging op it learlingeferfier. Dat sizze âlders dy't dêr troch dupearre wurde. Sy moatte har somtiden beheinde bern no nei in sintraal opstapplak bringe. Dat jout likernoch safolle prikkels dat it dreech is de bern yn de stringe te hâlden.

De SP fiert no aksje foar it skrassen fan de besuniging fan 32.000 euro. De partij hat in swartboek makke der't minsken melding meitsje kinne fan ûnwurkbere sitewaasjes mei bern by opstapplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)