Knibbelblessueres foar twa SC Hearrenfean-talinten

21 aug 2015 - 11:44

Pascal Huser moat syn debút by SC Hearrenfean op 'e nij útstelle. De 20-jierrige oanfaller rekke in pear wike lyn blesseard op de training. It docht bliken dat er de foarste krúsbân fan syn rjochterknibbel ôfskuord hat. Twa jier lyn hie Huser deselde blessuere.

Hy is foar lange tiid útskeakele. Huser komt út de jeugdoplieding fan Hearrenfean, mar spile noch nea yn it earste alvetal. Itselde jildt foar talint Joris Voest fan SC Hearrenfean. Ek hy rûn in knibbelblessuere op, yn in wedstriid fan it belofte-alvetal, en kin foarearst net spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)