Rydbewiis fan motorriders yn beslach naam

21 aug 2015 - 06:26

Fan fiif motorriders is tongersdei it rydbewiis yn beslach naam. Dat meldt it Team Ferkear Noard-Nederlân fan de plysje. De fiif rieden mei in gemiddelde snelheid fan 119 kilometer yn 'e oere, op in plak dêr't 60 it maksimum is. Dat wie op de N924 by Rottum.

Fan It Hearrenfean oant Dolsterhuzen gie it noch folle hurder. It Iepenbier Ministearje sil beslute wat der mei de rydbewizen bart.

Trefwurden: 
rydbewiis snelheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)