Ynwenners De Tynje lulk oer kap fan 350 beammen

20 aug 2015 - 17:48

In groep ynwenners fan De Tynje makket him lulk oer de kap fan 350 beammen oan De Wispel yn it doarp. Op dit stuit wurde alle tûken fan de beammen helle en fan 't hjerst wurde de popelieren kapt.

De gemeente Opsterlân seit dat it nedich is omdat der gefaarlike sitewaasjes ûntstean soene mei loshingjende tûken. De gemeente sil mei bewenners fan De Wispel yn petear om te sjen wat der yn it plak fan de kapte beammen komme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)