GGD krijt soad meldings fan minsken mei kinkhoast

20 aug 2015 - 17:05

De earste seis moannen fan dit jier hawwe der yn Fryslân 76 gefallen fan kinkhoast west. Dat is trije kear safolle as it jier dêrfoar, mar wer folle minder as yn 2012, doe't der yn it earste healjier 216 gefallen wiene. Der is neffens spesjalist ynfeksjesyktebestriding Peter van der Tas fan de GGD Fryslân noch net in goeie ferklearring foar.

Kinkhoast is benammen gefaarlik foar poppen ûnder in moanne âld, dy't noch net yninte binne. Dochs sjogge de ûndersikers dat folwoeksenen ek hieltiid faker siik wurde.

It is neffens de GGD wichtich om op tiid mei de húsdokter kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
GGD kinkhoast
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)